Ald Jouster foardroegen as nije FNP wethâlder (02-11-2018)

Afbeelding Durk Stoker

Mei grutskens dielt de FNP hjoed mei dat de hear Durk Stoker harren nije kandidaat wethâlder wurden is. De FNP wie op syk nei in nije wethâlderskandidaat omdat in pear wike lyn ien fan ús wethâlders, Johannes van der Pal, oanjûn hat om stopje te wollen.

Durk Stoker is opgroeid op ‘e Jouwer en is in polityk persoan mei in soad ûnderfining. Sa wie hy oant de ferkiezings fan novimber 2017 FNP wethâlder yn ús buorgemeente Súdwest-Fryslân. Fierders is Durk Stoker foarsitter fan de lanlike party OSF (Onafhankelijke Senaats Fractie; wêr’t de FNP ûnderdiel fan útmakket) en hy is op it stuit fraksjefoarsitter fan de FNP yn Súdwest-Fryslân.

“Binnen ús party binne wy tige bliid mei Durk Stoker, it is de goeie persoan op it goeie momint”, sa’t bestjoersfoarsitter Wouter Wouda dat neamt. Mei Durk Stoker as betûft persoan kin ek it kolleezje neffens de FNP goed fierder. Sa nimt de FNP ek dizze bestjoersferantwurdelikens wer op har.

Meikoarten sil Durk Stoker as wethâlderskandidaat foarlein wurde oan de gemeenteried, dy’t it lêste wurd hat yn de beneaming.

Bestjoer en fraksje FNP De Fryske Marren.


Oud Jouster voorgedragen als nieuwe FNP wethouder

Met trots deelt de FNP vandaag mee dat de heer Durk Stoker hun nieuwe kandidaat wethouder geworden is. De FNP was op zoek naar een nieuwe wethouderskandidaat omdat een paar weken geleden één van onze wethouders, Johannes van der Pal, aangegeven heeft te willen stoppen.

Durk Stoker is opgegroeid in Joure en is een politieke persoon met veel ervaring. Zo was hij tot aan de verkiezingen van november 2017 FNP wethouder in onze buurgemeente Súdwest-Fryslân. Overigens is Durk Stoker voorzitter van de landelijke partij OSF (Onafhankelijke Senaats Fractie, waar de FNP onderdeel van is) en is hij op dit moment fractievoorzitter van de FNP in Súdwest-Fryslân. “Binnen onze partij zijn we erg blij met Durk Stoker, het is de juiste persoon op het juiste moment”, zoals bestuursvoorzitter Wouter Wouda zegt. Met Durk Stoker als kundig persoon kan ook het college volgens de FNP goed verder. Zo neemt de FNP ook deze bestuursverantwoordelijkheid weer op zich.

Binnenkort zal Durk Stoker als kandidaat wethouder worden voorgesteld aan de gemeenteraad, die het laatste woord heeft in de benoeming.

Bestuur en fractie FNP De Fryske Marren